Oanfarring mei 135 meter lang frachtskip op Waadsee

03 mrt 2021 - 13:02

In frachtskip is woansdeitemoarn yn damp waar yn oanfarring kaam mei in lyts skip. Dat barde op de Waadsee yn it wetter fan 'De Boontjes' tusken Harns en Koarnwertersân.

Plysje op it plak fan de oanfarring - Foto: KNRM

Dat meldt de KNRM. Krekt nei alven krige de rêdingsmaatskippij in melding dat der mooglik in skip yn de problemen wie nei in oanfarring. It 135 meter lange binnenfeartskip koe sûnder problemen trochfarre. It lytse skip is úteinlik fûn yn de haven fan Harns. Oft dat skip ek skea hat is net dúdlik.

(Advertinsje)
(Advertinsje)