Fiif bewenners Puccini State yn Wolvegea stoarn oan corona

03 mrt 2021 - 12:55

It tal bewenners fan soarchbuorkerij Puccini State yn Wolvegea dat stoarn is oan it coronafirus, is oprûn ta fiif. Fan de 20 bewenners wienen der 18 besmet rekke. Dy binne oerbrocht nei covidhûs Anna Schotanus op It Hearrenfean. De oare twa binne yn Wolvegea achterbleaun. "Heel vervreemdend", omskriuwt direkteur Mieke Draijer fan Alliade de situaasje.

Fiif bewenners Puccini State yn Wolvegea stoarn oan corona

Puccini State is in lytsskalige wensoarchbuorkerij foar minsken mei demintens. By Alliade ha se gjin idee hoe't it firus sa om him hinne gripe kin yn Wolvegea. Se neame de útbraak 'uitermate verdrietig'. De GGD docht boarne- en kontaktûndersyk.

De bewenners wienen noch net faksinearre tsjin it firus. In húsdokter soe dêr tongersdei mei begjinne. Alliade bepaalt de folchoarder net sels. "Dit zijn de keuzes die de Gezondheidsraad gemaakt heeft. Keuzes die ze met het verstand hebben gemaakt. Niet iedereen kan tegelijk gevaccineerd worden. Er is een schaarste aan vaccins, dat wordt zeker nu zichtbaar dramatisch. Hetzelfde geldt voor kwetsbare mensen die thuis zitten."

Foto: Meriant

Komt hurd oan

De oare bewenners binne goed siik, seit Draijer. "We merken dat corona heel hard aankomt bij kwetsbare mensen. Dat baart ons zorgen. Het is een grillige ziekte. We zien mensen die heel ziek zijn en zomaar weer opknappen, ook mensen van 101. Er zijn ook mensen die lijken op te knappen maar plotseling weer zieker worden. Het is heel lastig te zeggen."

Fan de 23 meiwurkers binne der ek 13 besmet. "Dat is ook heel problematisch", seit Draijer. "Gelukkig is Puccini onderdeel van Meriant en is dat wat een grotere organisatie. We hebben medewerkers van Meriant in kunnen zetten. Anders krijgen we de zorg niet rond."

Oprop: hâld jim oan de regels

Draijer docht noch in oprop oan elkenien. "Ik hoop echt dat mensen zich nog aan de afspraken houden. We hebben nog steeds een grote groep kwetsbare mensen die nog niet gevaccineerd zijn."

(Advertinsje)
(Advertinsje)