Osaikhwuwuomwan komt nei skorsing net werom by Aris

03 mrt 2021 - 12:09

Aris-basketballer Craig Osaikhwuwuomwan komt net werom by de seleksje fan de Ljouwerter klup. Hy waard in moanne lyn dissiplinêr skorst. Aris woe net bekend meitsje wêrom.

Craig Osaikhwuwuomwan - Foto: Orange Pictures

De klup seit dat se de ôfrûne perioade der alles oan dien ha om de gearwurking wer op poaten te setten, mar dat is net slagge. No ha de klup en Osaikhwuwuomwan ôfpraat om net mei elkoar fierder te gean.

Osaikhwuwuomwan spile yn it seizoen 2012-2013 foar it earst foar Aris. Nei in oerstap nei oare klups kaam hy sûnt 2016 wer foar Aris út.

(Advertinsje)
(Advertinsje)