Hoe winkelje ik op ôfspraak? Fiif fragen en antwurden

03 mrt 2021 - 12:03

Twa en in heale moanne ha se ticht west, mar mei yngong fan woansdei meie de winkels wer iepen. Dan wol allinnich op ôfspraak. Wat binne de regels krekt?

De winkelstrjitte op 'e Jouwer - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Wannear mei ik nei de winkel?

It belangrykste is dat je net samar in winkel yn stappe kinne. Je moatte yn it foar in ôfspraak meitsje mei de winkel. Dat kin telefoanysk of online, dat hinget fan de winkel ôf. Mei de winkel praatst in saneamd 'tiidslot' ôf wêryn'tst delkomme kinst. Der sitte op syn minst fjouwer oeren tusken it meitsjen fan de ôfspraak en it winkeljen sels.

Hoe lang mei ik winkelje?

De tiidslots duorje op syn minst tsien minuten. As winkels wolle, meie se dy perioade ek langer meitsje. Guon winkels dogge dat ek, bygelyks kleanwinkels. As klant ha je dan wat langer om wat út te sykjen en eventueel te passen.

Der meie yn sa'n tiidslot net mear as twa klanten tagelyk op ien ferdjipping yn de winkel wêze.

Is de klant foar jo earder klear as wannear't it tiidslot dien is, dan meie je net sels earder nei binnen ta. De tiidslots steane fêst.

Nei watfoar winkels mei ik no hinne?

Guon winkels wienen fansels al iepen de ôfrûne perioade. Dat gong om saken dy't neffens de oerheid essinsjeel wienen. No meie ek de net-essinsjele winkels iepen. Dan giet it om winkels yn winkelstrjitten, wenbûlevaars, showrooms en oare winkels.

Kin ik ek ruilje?

Spontaan delkomme om in produkt te ruiljen mei net neffens de regels. Foar it ruiljen kinst in nije ôfspraak meitsje mei de winkel foar in tiidslot, en dêr sit dan opnij wer minstens fjouwer oeren tusken. Itselde jildt foar it werombringen fan artikels dy't je kocht ha. Soms kin it ek mei de post, mar dat hinget fan de winkel ôf.

En hoe sit it mei ôfheljen?

It bestellen en ôfheljen fan artikels koe al langer en dat kin noch hieltyd, ek as der al twa klanten yn de winkel binne. As je wat besteld ha, meie je de winkel net yn. It ôfheljen fan artikels gebeurt oan de doar.

Trefwurden: 
winkels coronafirus lockdown
(Advertinsje)
(Advertinsje)