Gesicht fan De Fûgelpits Gaatske Wiersma ferstoarn

03 mrt 2021 - 11:40

It gesicht fan De Fûgelpits yn Moddergat, Gaatske Wiersma, is yn de âldens fan 66 jier stoarn. Dat hat de famylje bekend makke. Gaatske Wiersma wie al in pear moannen siik. Se is de ôfrûne nacht rêstich yn it sikehûs yn Ljouwert stoarn, seit de famylje.

Gaatske Wiersma ferstoarn

De Fûgelpits is ein jierren '70 troch de âlden fan Gaatske, Sikke en Fetsje Visser, yn Iezumasyl oprjochte. De leafde foar de fûgels hat Gaatske Wiersma dus fan hûs út meikrigen. Nei oanlieding fan it 40-jierrich bestean fan de it fûgelopfangsintrum yn 2019 fertelde Wiersma: "Op 19 novimber 1978 krigen we de earste hoarnûle binnen. Dat wie it begjin. Dat wie by ús heit en mem, we wennen doe noch yn Iezumasyl. De hiele famylje wurke mei, we wienen mei njoggen bern. Dat wie wol maklik. As it jild op wie, moasten we lappe en by oaljeslachtoffers koenen we allegearre helpe."

De heit fan Gaatske Wiersma ferstoar yn 1983. Wiersma en har famylje ha doe besletten it wurk troch te setten.

Slachtoffers fan oaljerampen

De Fûgelpits krige it yn de jierren '80 drok doe't in soad fûgels slachtoffer waarden fan oaljerampen. Om de grutte stream oaljeslachtoffers goed opheine te kinnen is De Fûgelpits yn 1989 ferhuze nei Eanjum. Achter it wenhûs fan Gaatske en har man Sape. Ek fûgels dy't slachtoffer waarden yn it ferkear, krigen dêr help. Letter ferhuze se mei it opfangsintrum nei Moddergat.

Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Fûgelwaskmasine

De Fûgelpits krige yn de jierren '90 lanlike bekendheid troch de saneamde fûgelwaskmasine. Mei oalje besmarde fûgels waarden skjinspield yn de masine, wêrby't allinnich it kopke fan de fûgel dêrút stuts. Gaatske Wiersma fûn út dat de fûgels yn stee fan mei sjippe it bêste skjin te meitsjen wiene mei Dreft. It waskjen fan de fûgels op dizze wize gong rapper en soarge foar minder stress by de bistjes. Sa koene troch de waskmasine in soad fûgels rêden wurde.

Wiersma lit har man Sape, soannen Jappie, Sikke en Eelke Jan, oantrouden en beppesizzers nei. It wurk op De Fûgelpits giet gewoan troch. Oantinkens oan Gaatske Wiersma binne tige wolkom by it fûgelopfangsintrum. De Fûgelpits meldt dat der in online kondoleânseregister komt.

Gaatske Wiersma soe op 23 maart 67 jier âld wurde.

Akke Visser, sus fan Gaatske, en Meina Wouda

Yn 2003 wie Geert van Tuinen by Gaatske Wiersma thús foar syn programma Van Tuinen Thús:

(Advertinsje)
(Advertinsje)