Flylân en Skylge krije lang om let plakje yn histoaryske Steateseal

03 mrt 2021 - 11:15

De histoaryske Steateseal yn it provinsjehûs yn Ljouwert bestiet woansdei 125 jier. Dêrom krijt de seal der twa glês-yn-leadruten by. It giet om ruten mei de wapens fan Flylân en Skylge.

Glesker Annet van Midwoud by de ruten - Foto: Provinsje Fryslân

De twa eilannen krije lang om let in plakje yn de Steateseal. Dat wie noch net it gefal, omdat Skylge en Flylân earder by Noard-Hollân hearden. Glesker Annet van Midwoud fan Eastermar hat de ruten makke. "Hast altyd wol soks fan: hoe liket it yn it echt? Dat binne spannende dingen", seit se.

Gjin kroantsje

De wapens besteane al, dus it is net in opdracht dêr't je as glesker in soad kreativiteit yn kwyt kinne. Al hat Van Midwoud dat wol besocht. "Ik hie in tekening makke fan Flylân bygelyks mei in kroan derop. Hast alle wapens ha in kroan, dus ik tocht: dan hjir ek. Mar dat koe fansels net. De kommisje fan de heraldyk hat dernei sjoen en sei: Flylân hat gjin kroan, dus dêr kinst net samar ien op plakke."

Glesker Annet van Midwoud oer de ruten

Glesker Annet van Midwoud by de ruten - Foto: Provinsje Fryslân

Dochs sit der wol wat eigens oan de tekeningen. "Hast wol altyd dyn eigen hânskrift, en yn it wapen fan Skylge ha ik blomkes yn de achtergrûn ferwurke. Dat is allegear wol persoanlik."

Genôch wurk

It wurk foar de glesker giet wol troch. "Ik ha it wol drok eins", seit Van Midwoud. "Minsken ha soms al wol glês yn lead, mar dan wolle se it yn dûbeld glês ha. Dat is in diel fan myn wurk. Mar der is ek nij wurk, dat ik dingen ûntwerpe kin. Dat makket it hiel fariearre."

(Advertinsje)
(Advertinsje)