Opfiske granaat yn Ljouwert wie gjin granaat

03 mrt 2021 - 09:49

De 'granaat' dy't magneetfiskers tiisdei opfiske by de Blokhúspoarte yn Ljouwert, wie gjin granaat. De Explosieven Opruimingsdienst seit nei ûndersyk dat it foarwerp wol op in granaat liket, mar dat it mar in stik stiel is.

Foto: AS Media

Doe't it stik út it wetter fiske waard, kaam de Explosieven Opruimingdsdienst fan Definsje nei Ljouwert om de granaat mei te nimmen. De omjouwing wie in skoftke ôfset.

(Advertinsje)
(Advertinsje)