Boeren teloarsteld yn FrieslandCampina, 'mar gjin ferskowing op de merk'

03 mrt 2021 - 08:59

Suvelkonsern FrieslandCampina makke ferline jier flink minder winst, boeren hoege net op in neibetelling te rekkenjen, mar dochs sil der op de merk net in soad feroarje. Dat is de ferwachting fan heechlearaar plattelânsûntwikkeling en lânbou-ekonomy Dirk Strijker. Foar him kaam it net as in ferrassing dat FrieslandCampina foarich jier folle minder winst makke.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

"Het was vorig jaar al een beetje aangekondigd: FrieslandCampina is aan het herstructureren", seit Strijker. "En met name de Chinese markt zit tegen, vanwege onrust in Hongkong. Dat kost allemaal geld."

Boeren rekkenje op neibetelling

It hat ta gefolch dat FrieslandCampina gjin neibetelling docht oan boeren. "Dat is vervelend, want als boer reken je wel op een soort nabetaling. Je weet nooit hoeveel, dat hangt af van de winstgevendheid. Maar de meeste boeren gaan er wel van uit." Tal fan boeren sprutsen tiisdei har teloarstelling út nei it nijs dat se gjin neibetelling krije.

Dochs rekkenet Strijker net op in ferskowing op de merk. "FrieslandCampina is dominant in Nederland. Ze zouden kunnen proberen om over te stappen op een ander bedrijf. Maar als ze dat te veel doen, kunnen die andere bedrijven dat helemaal niet aan. FrieslandCampina heeft driekwart van de Nederlandse melkplas in handen, de anderen dus maar een kwart. Als ze massaal weglopen bij FrieslandCampina, kan de rest dat nooit opvangen."

Boppedat soene boeren noch mar in partij fine kinne moatte dy't better betellet, want oer it algemien betellet FrieslandCampina in prima priis oan de boeren, seit Strijker.

Gjin nocht oan merk ôfsneupe

As boeren hiel goed de merk ôfsykje, kinne se mooglik wol in plak fine om de molke better te ferkeapjen. "Maar de meeste boeren zijn daar niet geïnteresseerd in. Die zijn met heel andere dingen bezig: het opbouwen van een goede veestapel, omgaan met hun dieren. Alles wat melkveehouden leuk maakt. Voor de meeste boeren is dat niet naar een computerscherm kijken en gokken op hoge en lage prijzen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)