Kollum: "Ljouwert"

03 mrt 2021 - 08:50

"Hearlik, we ha wer in echte yngreven politike diskusje yn Fryslân. No ja, yngreven is tsjintwurdich net mear as wat geskel oer en wer, mar der is teminsten striid yn dit polderlân. Doarp tsjin stêd. Ljouwert tsjin de rest fan Fryslân. Hearlik. We binne wer werom yn tige âlde tiden.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Eelke Lok

Dat is Ljouwert foar it oare wol ferkeard bekaam yndertiid. It wie de tiid fan boargemaster Jehannes Brandsma. Sechstiger, santiger jierren foarige iuw. Se fûnen doe yn Ljouwert dat Fryslân net echt bestie. Der sieten ek amper Ljouwerters yn de Fryske Steaten. En doe't dy sizze moasten wêr't de nije diken kamen, setten se in streekje fan de Ofslútdyk oer Snits, It Hearenfean en Drachten nei Grins ta. Ljouwert wie echt dach.

Watte, it rekke sels fallyt doe't it yn de tiid fan Te Loo fierstente folle jild betelle foar Aegon, dat ek nei Drachten of Grins koe, mar de rynske jefte fan Ljouwert net wegere. En doe't Te Loo noch in kear yn de Potmarge tikke waard troch Wiegel syn Heare-akkoart, bestie Ljouwert net mear foar Fryslân.

Hiel stadich is Ljouwert werom kaam. En, wat moai, de befolking fan Fryslân die mei. Fan de fjirtich, fyftich jier lang 80.000 ynwenners kaam Ljouwert ynienen op 100.000. It fersette him net mear, Frysk belied wie Ljouwerter belied. De provinsje krige aardichheid oan in haadstêd dy't ek oan en om de rest fan Fryslân tocht. It mocht sels stikken fan oare gemeenten ynpakke. Yn Grou wiene se suver grutsk dat se it wettersporthoekje fan de stêd waarden en Harns neamde himsels de haven fan Ljouwert. Moai wie dat.

Ienriedich op nei de takomst. Sterker, doe't Fryslân ynsette op de Lelyline sette Fryslân ek in sydlyntsje nei Ljouwert op papier. Se dûnsen op it gemeentehûs. De wethâlders Friso Douwstra en Hein de Haan makken fuortendaliks in plan. Njonken de 10.000 wenten dy't Ljouwert al bouwe soe, wolle se ynienen noch 10.000 ekstra bouwe. Dat grieme se earne tusken Werpsterhoeke en it stasjon yn Ljouwert. Heechbou yn de stêd. Moaie, ik tink ek djoere hûzen by Werpsterhoeke, en dan meitsje se dêr ek noch wol wat iepen wetter fanôf De Swette of Wurdumer Feart by. En om dy minsken net te steuren giet de trein in meterke del, en sa kin dy dan yn Ljouwert makliker ûnder it Van Harinxmakanaal en de rûnwei troch.

De wethâlders wienen noch net iens útsprutsen of de diskusje rekke al op gong. Want we ha hjir yn Fryslân ek in partij foar de doarpen. De FNP. En de FNP hat de lêste tiid in pear fertsjintwurdigers dy't ek wreed twitterje kinne en daliks toetse wat harren dwers sit.

En wat siet dat Douwstra-Haan-plan har dwers. Se roppe, terjochte hear, al moannen lang dat as Fryslân bouwe mei, dat soks dan én yn doarp én yn stêd moat. Oeral. Want de jongeren, dêr't de hiele ferkiezingen hjoed oer twa wike oer geane, dy wolle graach yn eigen doarp wenje. Dat is noch dúdliker wurden no't se al in jier wer thús sitte. It hat bliken dien dat âlders en beppe noch wol tafalle. Mar wolle se net nei Ljouwert, dan gean se wol nei Grins.

Dus dy FNP spuide raar guod. Doe wisten Douwstra en De Haan har net oars te ferdigenjen as fan: ja, dat moat fan Den Haag as we de Lelyline ha wolle. En dat it ferhaal bedoeld is foar it Deltaplan foar it Noarden. In plan dêr't elkenien oer meipraat, útsein it Noarden sels. Tink mar ris oan dat Rutte al sei dat der in kearnsintrale yn Grinslân komme sil.

As dy Ljouwerter wethâlders no in bytsje handich west hienen, hienen se derfoar soarge dat der yn Sint-Anne, Boelensloane en Reduzum ek wat wenten kamen. Mar dat ha se net dien, dus de FNP'ers spuie raar guod.

Se ha gelyk. As dy lju no by Werpsterhoeke wenje of yn Deinum of Reduzum, dat makket Den Haag neat út. Kom no earst mar mei de earste 10.000. Boppedat, noch mear hûzen yn Fryslân as betingst om de Lelyline te krijen, no bou se dan mar net. In mienskiplike takomst fan Ljouwert, sa't dat no bestiet as aktive kearn yn in foarútsjend Fryslân, is folle mear wurdich as dat treintsje nei Grins."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)