Omrop TIP: Heale bekerfinale SC Hearrenfean - Ajax by Omrop Fryslân

It is de belangrykste wedstriid fan Sportklup Hearrenfean sûnt de bekerfinale fan 2009, seit trainer Johnny Jansen. Syn ploech spilet jûn tsjin Ajax yn de heale finale fan de KNVB-beker. Omrop Fryslân jout wiidweidich omtinken oan it bekerduel.
Foarútsjen op Hearrenfean - Ajax
Yn in ekstra sportprogramma op de radio, presintearre troch Jacob Stelwagen, binne we op trije plakken tagelyk. Kommentator Arjen de Boer sit yn it stadion en docht live ferslach fan de wedstriid. Fierder is Roelof de Vries by earefoarsitter Riemer van der Velde om de wedstriid te folgjen en ferslachjouwer Lars de Leeuw sit by in famylje fol fanatike Hearrenfean-supporters. Sy hienen oars fansels yn it stadion sitten, mar moatte no de wedstriid thús folgje.
It ekstra sportprogramma op Omrop Fryslân Radio begjint om 20.30 oere. Hoe folgesto de wedstriid? Lit it ús jûn witte! Kinst in sms of WhatsApp-berjocht stjoere nei 06 - 20 499 199 of skriuw wat yn de Omrop-app.
© Orange Pictures
Troch it coronafirus sitte der al hast in healjier gjin supporters mear by fuotbalwedstriden, mar tûzenen Feanfans binne woansdeitejûn wol firtueel by it bekerduel. In pear supporters kamen mei it inisjatyf #ikbindrby, wêrby't fans firtuele kaartsjes keapje kinne. De opbringsten geane nei de klup.

Sniebaleffekt

Albert Veen, ien fan de betinkers fan de aksje, hie net tocht dat it sa'n grut sukses wurde soe. "It wie echt in sniebaleffekt, dat ferwachtsje je net. It is skande dat we der net by wêze kinne, mar we fûnen dat we wol wat dwaan moasten." De teller stie tiisdei op 5.120 ferkochte kaarten en Veen ferwachtet dat dêr woansdei noch aardich wat bykomt. Supporters dy't in kaartsje kocht ha, kinne ek te sjen wêze op grutte skermen yn it stadion.
Ajax is de grutte favoryt, mar it soe net foar it earst wêze dat Hearrenfean soarget foar in stunt yn de beker. "It wurdt hiel dreech", ferwachtet Veen, "mar ús stipe ha se!"
Hearrenfean-supporter oer de aksje