De Fryske Marren ûndersiket draachflak om azc Balk langer iepen te hâlden

03 mrt 2021 - 06:50

It asylsikerssintrum yn Balk bliuwt mooglik noch twa jier langer iepen. De gemeenteried hat ynstimd mei in ûndersyk nei it draachflak yn it doarp. Allinnich de FNP en de VVD stimden tsjin.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Egbert Kroes sette in petysje op foar it langer iepen hâlden

It azc is yn 2016 yn Balk kaam en soe yn prinsipe de doarren slute, mar it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers frege oan de gemeente oft it mooglik dochs twa jier langer iepen bliuwe mocht. Mear as 300 Balksters lieten mei in petysje al witte dat se dêrfoar binne.

Egbert Kroes is ien fan de minsken efter de petysje. Hy oerlange foar de riedsgearkomste de petysje digitaal oan boargemaster Veenstra. "In pear wiken lyn ha we yn in petear al oanjûn wêrom't we dizze petysje begûn binne: omdat we hopen en tochten dat de bewenners fan Balk der manmachtich achter stean soene. Dy hoop is nei ús idee ek wierheid wurden, want yn twa wiken is de petysje 314 kear ûndertekene."

20 foar, 10 tsjin

Kroes fûn de gearkomste noch wol even spannend. "It CDA sit noch in bytsje yn twivel, mar partijen as PvdA en D66 binne der wol foar om it draachflak te ûndersykjen." Uteinlik waard it plan om it draachflak mei in enkête te ûndersykjen oannaam mei 20 stimmen foar en 10 tsjin. "Hiel moai", seit Kroes. "Dan kinne de minsken mar hearre litte wat se derfan finne."

Neffens Kroes wie fierder ûndersyk ek it heechst helbere. "Dat waard yn de riedsgearkomste ek al oanjûn: as der twa jier by komme, dan moat der earst ûndersyk komme nei it draachflak."

Proseduere yn rêstige omjouwing ôfwachtsje

Der binne dus yn alle gefallen goed 300 Balksters foar it langer iepen bliuwen. "In behoarlik oantal dat seit dat de minsken fan it azc in kâns krije moatte om hjir noch twa jier te bliuwen", seit Kroes. "Wy sjogge echt de minsken derachter. We kenne se, we ha se al fjouwer jier meimakke. En no sitte we yn in coronapandemy en wachtsje se op de fierdere proseduere. Wat is der no moaier as dat se dat yn in rêstige omjouwing dwaan kinne. We hoopje dat de Balksters se dat ek gunne."

(Advertinsje)
(Advertinsje)