Operaasje Fryske Flagge: Tjipke Punter syn buorlju wenje 400 meter fierderop

03 mrt 2021 - 06:08

Alle lannen op ierde hawwe in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike Tjipke Punter oer syn libben yn Kanada.

Foto: Tjipke Punter

Tjipke Punter wennet yn Kanada

Punter komt út Lytsewierrum. Hy die de havo yn Snits en gie dêrnei by de maresjaussee. Syn eks-skoanâlden ferhûzen yn dy tiid nei de provinsje Alberta yn Kanada. Doe't yn 1985 Punter syn tsjinsttiid derop siet, like him dat ek wol wat. "Myn eks-skoanâlden begûnen dêr doe in melkfeehâlderij. Wy giene op besite en binne in healjier hingjen bleaun. Doe't we werom wiene yn Nederlân, ha we fuort de emigraasje oanfrege."

Net lang dêrnei wenne Punter ek yn Alberta. "Dêr ha ik alve jier kij molken mei myn eks-skoanheit. Doe't hy dermei ophâlde, moast ik ek wat oars", fertelt Punter. Hy besleat yn Kanada te bliuwen. "Wy hiene yntusken fiif bern en wy hiene it hjir bêst nei ús sin."

Fjouwer bunder grûn yn de heuvels

No wennet er yn Osoyoos yn de provinsje British Columbia. Hy en syn frou hawwe in frijsteand hûs op fjouwer bunder grûn. It is in sêft klimaat en Punter genietet fan de romte en frijheid. "Wy sitte hjir yn de heuvels. De earste buorlju wenje sa'n 400 meter fierderop", fertelt er. Se wenje op in plak dêr't se de grins mei de Feriene Steaten sjen kinne. Punter sjocht geregeld harten, mar ek bearen om syn hûs hinne. "Dan moatst der in bytsje om tinke." De pepperspray leit yn alle gefallen klear.

Punter hat in eigen autoreparaasjebedriuw, op syn hiem, dus hy kin rinnend nei it wurk ta. Syn bedriuw rint goed. "Minsken witte my wol te finen. Ik ha nea advertearre, mar it giet altyd fan de ien nei de oar."

Frysk prate mei de âldste

Mei ien fan syn bern praat er noch Frysk. "Myn âldste jonge is yntusken 40. Hy wie fjouwer doe't er yn Kanada kaam en hâldt him noch altyd oan it Frysk. Mar de oaren prate eins gjin Frysk mear." Mei famylje yn Fryslân praat er de taal ek noch. De Fryske flagge hinget net út yn Kanada, mar op de achterkant fan syn auto hat Punter wol in Fryske flagge.

Wat de corona oanbelanget, is it hiel rêstich by Punter. Der is hast gjin sykte om harren hinne. De restaurants en winkels binne gewoan iepen, mar klanten moatte ferplicht in mûlkapke op en ôfstân hâlde. De tsjerke is ek ticht, mar der is gjin jûnsklok.

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)