Farmers Defence Force blaast protestaksje by FrieslandCampina ôf

02 mrt 2021 - 22:31

Boere-aksjegroep Farmers Defence Force (FDF) sil woansdeitemoarn dochs net protestearje by it haadkantoar fan suvelkonsern FrieslandCampina yn Amersfoort. Neffens de aksjegroep is der ûnder melkfeehâlders ûnienichheid oer de needsaak fan de aksjes, dus skrast FDF de protestaksje.

Foto: ANP

FDF betichtet it bedriuw ûnder mear fan wanbelied en kundige earder tiisdei oan dat it tiid is foar in "grote schoonmaak" by FrieslandCampina. Earder rôp de boere-aksjegroep leden dêrom ek op om nei it haadkantoar yn Amersfoort te gean. Omdat ienriedigens by protesten neffens FDF wichtich is, kin de aksje no net mear trochgean.

FDF stiet wol noch hieltyd achter earder oandroegen krityk fan melkfeehâlders oer de suvelkoöperaasje. Sa klaget de groepearring dat der te folle managers diel útmeitsje fan it bedriuw yn ferhâlding ta leden-melkfeehâlders. Ek wol de groep mear ynspraak foar alle leden.

Gjin neibetelling

FrieslandCampina kaam earder tiisdei mei sifers oer 2020. Dêrby waard bekend makke dat oansletten melkfeehâlders net as gebrûklik in jierlikse neibetelling útkeard krije fanwegen de coronakrisis. De boeren dy't lid binne fan de koöperaasje rinne dêrtroch tusken de 10.000 en 20.000 euro mis. Ek krije melkfeehâlders dit kear gjin lede-obligaasjes.

In wurdfierster fan FDF sei dat ek in yn septimber útkearde betelling werom betelle wurde moat oan FrieslandCampina. De ledesertifikaten foarmje neffens har in soarte fan pensjoenfoarsjenning foar melkfeeboeren. "Het creëert zoveel problemen. Boeren zijn ten einde raad. Se seit dat de finansjele problemen by FrieslandCampina no ôfwentele wurde op de boeren.

"Enorme domper"

In wurdfierder fan FrieslandCampina ferklearre dat it bedriuw it spitich fynt dat der gjin neibetelling komt en der gjin lede-obligaasjes útkeard wurde, mar dat de finansjele situaasje dat no net talit. Topman Hein Schumacher spruts earder al fan "een enorme domper voor onze leden". FrieslandCampina hie neffens de wurdfierder de leden earder al wiidweidich ynformearre oer de ûntwikkelings en it effekt fan de coronakrisis op it bedriuw.

De sisman seit fierder dat FrieslandCampina altyd it petear oangiet mei leden. De kommende tiid binne der ledegearkomsten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)