Johnny Jansen: "We hebben zeker kans tegen Ajax"

02 mrt 2021 - 21:42

Foar SC Hearrenfean is de heale finale tsjin Ajax takom woansdei de wedstriid fan it jier. Trainer Johnny Jansen: "Je voelt en ziet dat het er nu echt om gaat. Ook binnen de spelersgroep wordt er veel gesproken over details, en de beleving die ik zie op de training bevalt me erg goed."

Johnny Jansen leaut yn in stunt:

De heale bekerfinale SC Hearrenfean - Ajax begjint woansdei om 21.00 oere en is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân. De presintaasje is yn hannen fan Jacob Stelwagen.

Roelof de Vries is by earefoarsitter Riemer van der Velde op besite en folget dêr de wedstriid. En wy binne by in famylje fan fanatyk SC Hearrenfean-supporters. It kommentaar by de wedstriid wurdt dien troch Arjen de Boer.

Opstelling: Mulder, Van Hecke, Dresevic, Bochniewicz, Kaib, Halilovic, Schöne, De Jong, J. Veerrman, Van Bergen en H. Veerman.

It is in gekkehûs yn de parseromte by SC Hearrenfean. Allegear kameraploegen en lanlike media dy't fia Zoom in spesjaal beleine parsekonferinsje folgje. De twa sprekkers efter de tafel binne Lasse Schöne en Siem de Jong. Beiden hawwe grutte suksessen fierd by Ajax, mar fuotbalje no by SC Hearrenfean. Woansdei treffe se harren âld ploechgenoaten yn de heale finale fan de beker. "Ajax is zeker te pakken!", laket Schöne.

Die wisselvalligheid frustreert ons ook.

Johnny Jansen

Ajax

Foar it earst sûnt 2009 hopet Hearrenfean wer de finale te berikken. Nei de sensasjonele kwartfinale tsjin Feyenoord (4-3 winst), is no Ajax de tsjinstanner. De Amsterdammers ymponearje yn Europa en stean boppe oan yn de earedifyzje. Ek al is Ajax de útsprútsen favoryt, Jansen sjocht wol deeglik mooglikheden. "Dit is een bekerwedstrijd en dus kan het alle kanten op. Maar we hebben zeker kans!"

Hearrenfean prestearret yn de kompetysje tige wikselfallich. Goede wedstriden wurde samar ôfwiksele mei hiele minne wedstriden. Jansen: "Er is geen peil op te trekken. Dat frustreert ons als staf, maar dat frustreert de spelers ook. Want hoe kan dat nu? We zijn natuurlijk een ploeg die nog in ontwikkeling is, maar sommige dingen moeten echt beter."

Dit zijn de krenten in de pap.

Erwin Mulder

Opstelling

Jansen woe him net útsprekke oer de opstelling, omdat der noch in pear spilers binne mei lichte klachten. Sa trainde doelman Erwin Mulder freed apart fan de groep. De doelman hat in blessuere oan syn heup, mar ferwachtet der sels tsjin Ajax wol by te wêzen. Mulder: "Ik kan gewoon spelen! Dit zijn de krenten in de pap. Als topsporter leef je voor deze wedstrijden. Een halve finale tegen Ajax, dan hoef je mij niet te vragen of ik er zin in heb!"

Erwin Mulder beker HEEAJA

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal Ajax
(Advertinsje)
(Advertinsje)