Haersmahiem yn Bûtenpost wer iepen nei corona-útbraak

02 mrt 2021 - 21:17

Bewenners fan Haersmahiem yn Bûtenpost meie sûnt tiisdei wer besite ûntfange. It wensoarchsintrum sleat ein jannewaris syn doarren yn ferbân mei in corona-útbraak.

Haersmahiem yn Bûtenpost - Foto: Google Street View

Yntusken is Haersmahiem wer coronafrij, meldt KwadrantGroep, dêr't it wensoarchsintrum ûnder falt. Fan tiisdei ôf is der wer besite tastien en wurde der yn lytse groepkes, op de eigen ôfdieling, aktiviteiten hâlden.

Der jildt wol in spesjale besikersregeling. Bewenners meie mar ien besiker deis ûntfange. Dêrneist mei eltse bewenner maksimaal trije fêste besikers hawwe, dy't ferdield oer de wike en allinnich delkomme. Op dy manier hat eltse bewenner in saneamde bubbel fan trije besikers en bliuwt it oantal minsken dat in bewenner sjocht beheind.

Besikers krije as se it gebou binnen komme in mûlkapke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)