Houtkeunstwurk oan nije fytsrûte yn Drintsk-Fryske Wâld fernield

02 mrt 2021 - 20:54

It maitiidswaar brekt oan en minsken binne hieltyd mear yn de natuer te finen. Yn it Drintsk-Fryske Wâld is in spesjaal 'beleeffietspad' makke, mei ûnderweis moaie útsjochpunten en ynformaasje oer de natuer. In ûnderdiel dêrfan, houten keunstwurken, is lykwols troch fandalen fernield. "We zijn enorm teleurgesteld", seit boskwachter Lysander van Oossanen.

Foto: Twitter Boswachter Joris

"We hebben een mooi fietspad aangelegd, als verbinding tussen Drenthe en Fryslân, waarop mensen van alles kunnen beleven", fertelt boskwachter Lysander van Oossanen. "Een van de dingen die mensen konden beleven, waren houten beelden die we met een motorzaag hebben gemaakt." Dy binne no fernield. "Het fietspad is nog niet eens officieel geopend vanwege corona en het eerste beeld is al gesloopt."

It giet om byld fan in deade Skotske heechlanner. "We wilden daarmee het verhaal over leven en dood symboliseren." Alle bisten dy't libje fan in kadaver binne dêrneist útbylde: "Raven, een buizerd, een vos. Met name de uitstulpingen in het hout zijn er met bruut geweld af geslagen. Er liggen allemaal stukken hout omheen.

Hufterproof alternatyf

Wa't der achter it fandalisme sit, is noch net dúdlik. De makkers sille no sjen oft it byld noch te meitsjen is. "We proberen te redden wat er te redden valt. Misschien kunnen we nu iets bedenken dat 'hufterproof' is, met andere materialen. Maar dit is heel jammer." De bedoeling is dat it fytspaad takom simmer offisjeel iepene wurdt. "Dan moet het wel qua corona allemaal kunnen."

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei boskwachter Lysander van Oossanen

Lysander van Oossanen oer maitiidsdrokte yn it Drintsk-Fryske Wâld

(Advertinsje)
(Advertinsje)