25 jier sparjild yn ien kear fuort troch de coronakrisis

02 mrt 2021 - 20:17

Sa'n 25 jier oan sparjild sawat ferdampt troch de coronakrisis. It binne drege tiden foar eigener Mark Jousma fan de Primera yn De Westereen. Hy runde mei syn frou en soan in bloeiende saak, oant heal desimber. Doe moast de saak troch de lockdown ticht en dat kaam, ek finansjeel, as in mokerslach oan. It is neffens Jousma in mentale útputtingsslach en hy wit net hoe't de takomst fan syn saak der útsjocht.

It gûlen stiet Jousma al moannen neier as it laitsjen. As net-essinsjele winkel is syn saak al sûnt heal desimber ticht. Allinnich foar spesifike saken as in pasfoto, postsegels, cartridges of boeken kinne klanten foarôf wat bestelle en minimaal fjouwer oeren letter ôfhelje. In oantal trouwe klanten bliuwt kommen, mar foar in soad minsken is it ek reden om dochs mar net te bestellen en efkes fierder te rinnen nei in essinsjele winkel dy't wol iepen is.

Kwestje fan oerlibjen

Jousma soe it dit jier krekt wat rêstiger oan dwaan. "Ek omdat ik al langer siik bin troch MS like dat in ferstannich beslút. Mar troch corona is dêr hielendal neat fan terjochte kommen. Ynienen foel alles fuort en wie it in kwestje fan oerlibjen. Wat meie we noch wol en wat meie we noch net. It waard hieltyd mear it lêste. En op in gegeven momint is al ús finansjele reserve fan 25 jier hurd wurkjen as snie foar de sinne ferdwûn. Dat docht sear. We kinne no wol in fergoeding krije foar in diel fan de fêste lêsten mar sjitte der natuerlik enoarm by in", sa wit de ûndernimmer.

It docht him ek sear dat minsken bygelyks wol postsegels keapje meie en op itselde momint gjin pak printpapier meinimme meie. "Dat moatte se dan wer reservearje en kinne se fjouwer oeren letter ôfhelje. Dêr wachtsje se fansels net op en helje it papier wol by de pleatslike supermerk."

Foto: RTV NOF

Yntusken wit Jousma dat syn finansjele posysje hieltyd earnstiger wurdt. "Ik hâld it miskien noch in pear moannen fol mar dan is it wol einde ferhaal. Dat wolle je net, want we hawwe de saak resintlik hielendal fernijd. We hawwe it poerbêst foar elkoar en dan belânest yn dizze situaasje. Dat wol gjinien."

"Persoanlik kontakt ha ik mist"

De Primera-eigener mei syn saak fan woansdei ôf wer iepenje foar besikers: op ôfspraak mei in maksimum fan seis besikers de oere dy't dan elts maksimaal tsien minuten yn de winkel bliuwe meie. Jousma ferwachtet der net it measte fan. "Dat set natuerlik net in soad seadden oan de dyk. Want as in klant in pakje sigaretten hellet binnen in minút dan mei ik yn deselde tsien minuten net in oare klant deryn litte. Oan de oare kant bin ik hiel bliid dat we wer minsken moetsje sille en dat it persoanlik kontakt wer in bytsje werom komt. Dat ha ik echt mist."

Jousma doart noch foarút te sjen en hopet dat syn saak der oer in jier wer hiel oars foar stiet. "Gjin corona mear, gjin oardel meter ôfstân, gjin mûlkapkes, gjin spatskermen. Ja, dat soe hiel moai wêze. We hâlde moed al is it soms lestich foarsizzen oft dizze winsk ek echt út komme sil. Mar we moatte hoop hâlde, oars wurdt it wol hiel dreech", beslút er.

(Advertinsje)
(Advertinsje)