Earnstige mishannelingssaak oanhâlden; IM stjoerde brieven nei ferkearde adres

02 mrt 2021 - 19:29

Troch in flater fan it Iepenbier Ministearje is de rjochtsaak tsjin in 40-jierrige ynwenner fan De Westereen tiisdei oanhâlden. De Ljouwerter rjochtbank besleat dat de saak gjin trochgong fine koe om't it slachtoffer net op 'e hichte wie fan de sittingsdatum. Der wiene ferskate brieven de doar útgien, mar dy wiene nei it âlde adres fan it slachtoffer stjoerd.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In slachtoffer hat it rjocht om de sitting by te wenjen, har ta te rieden en de gelegenheid te krijen om in ferklearring foar te lêzen. It fersyk fan de advokaat fan it slachtoffer om de saak oan te hâlden sadat har kliïnte har goed tariede koe, waard troch de rjochtbank honorearre. De fertochte rekke dúdlik bot emosjonearre troch it ûnferwachte útstel, hy bliuwt foarearst fêstsitten.

PTSS

De man hat op in eardere sitting tajûn dat hy it slachtoffer op 10 augustus foarich jier slim mishannele hat yn har wente yn Surhústerfean. Der wie 'wat by him knapt' doe't hy syn freondinne yn triennen oantrof om't it slachtoffer ferskate kearen op har namme klean besteld hawwe soe.

Hy gie dêrnei nei de wente fan de frou om ferhaal te heljen. De konfrontaasje rûn folslein út de hân. It slachtoffer rûn ûnder mear in skuorde milt op. Neffens de advokaat fan it slachtoffer is sy ûnder behanneling foar in posttraumatyske stresssteurnis (PTSS).

(Advertinsje)
(Advertinsje)