Provinsje wol mei Ryk gearwurkje oan sichtberens fan it Frysk

Lanlike oerheidskampanjes yn Fryslân hearre twatalich te wêzen, wêrby't de Fryske ferzje tagelyk beskikber is mei de Nederlânske ferzje. Dat seit deputearre en taalskipper Sietske Poepjes. De ôfrûne tiid gie it noch wolris mis mei dy twatalige benadering.
© Omrop Fryslân
De struibrief foar donorregistraasje wie bygelyks yn earste ynstânsje allinnich yn it Nederlânsk beskikber en ek de faksinaasje-oprop fan Foppe de Haan wie koartlyn yn earste ynstânsje net yn it Frysk. Itselde jildt foar de eigen ferklearring jûnsklok. Pas nei protesten fan ferskate Fryske organisaasjes waard der wurke oan Fryske oersettings.

Plan yn gearwurking mei it Ryk

Deputearre en taalskipper Sietske Poepjes wol graach fan dy situaasje ôf en hat dêrom in plan makke foar mear sichtberens fan it Frysk. De provinsje wol dêroan wurkje yn gearwurking mei it Ryk. "Utgongspunt dêrby is twataligens. Frysk én Nederlânsk, sûnder dat de iene taal de oare oerhearsket. Wy hawwe twa Rykstalen en dêr mei it Ryk ek wol wat foar oer hawwe."
De provinsje wol oerheidsorganisaasjes dy't it noch lestich fine om sels it Frysk ek skriftlik brûke skewiele mei oersetters en taalkursussen. Ien fan de organisaasjes dêr't Poepjes mei praat hat oer it brûken fan it Frysk is de Veiligheidsregio Fryslân.

Moasjes

De moasjes dy't in pear moanne lyn oannommen waarden yn de Twadde Keamer oer it Frysk wiene ek in oanlieding om wurk te meitsjen fan it fergrutsjen fan de sichtberens fan it Frysk, sa seit Poepjes. Yn de moasje fan GroenLinks-Keamerlid Nevin Özütok waard oproppen om oerheidskommunikaasje oer it coronafirus yn Fryslân ek yn it Frysk beskikber te stellen.
Poepjes tinkt dat in gruttere sichtberens fan de taal Friezen ek stimulearje sil om de taal mear te brûken. "As jo it Frysk oeral sjogge, dan sille jo it Frysk ek gauris brûke."
Deputearre en taalskipper Sietske Poepjes