Fan hoareka oant sekswurker, dei fol aksje tsjin coronamaatregels

In dei fol aksje tiisdei tsjin de coronamaatregels. Hoarekaûndernimmers setten alles op 'e kop en sekswurkers fierden aksje foar it gebou fan de Twadde Keamer yn Den Haag.
Aksjedei hoareka en sekswurkers
In soad sekswurkers ha finansjele problemen. Se komme net yn oanmerking foar stipe fan it Ryk. Keamereksploitant Danny Sesseler fan Ljouwert is benaud dat in soad froulju yn de yllegaliteit ferdwine. "Dat geeft veel meer risico. Niet alleen voor een coronabesmetting, maar ook dat ze zo makkelijker onder invloed komen van verkeerde mensen."

Hoareka wol iepen

De horekaûndernimmers wolle neat leaver as de terrassen bûten sette en wer klanten betsjinje. Wicher Wind fan Onder de Linde yn Snits wie ien fan de hoarekaûndernimmers dy't meidie oan de aksje: "Met dit weer zie je dat de mensen snakken naar een drankje op een terras. Dat kan echt veilig. Dat hebben we deze zomer wel laten zien."
Hy wol eins mar ien ding: "Geef in ieder geval een datum. Of dat 1 april is of 1 mei. Dan kunnen we ergens naar toe werken." Dat fynt ek Geesje Duursma fan de Pleats yn Burgum: "Ja, no ha we gjin perspektyf. It kin lykwols echt feilich."
© Omrop Fryslân, Anna Groenia

Statement

Corne van de Erve, foarsitter fan de Fryske ôfdieling fan Koninklijke Horeca Nederland, sjocht tefreden werom op de aksjedei. "Ik kreeg een stuk of dertig foto's binnen", fertelt er. "Ik ben eigenlijk best wel trots op mijn collega's. We hebben laten zien dat we hier in Fryslân een statement hebben kunnen maken."
Demisjonêr justysjeminister Ferd Grapperhaus sei tiisdei dat hy mei de hoareka-ûndernimmers ta in plan komme wol om de doarren wer iepen te setten. "Dat hebben we toch maar weer voor elkaar", seit Van de Erve.
Corne van de Erve fan Koninklijke Horeca Nederland sjocht werom op de aksjedei