Hast alle bewenners wensoarchsintrum Puccini State Wolvegea besmet mei corona

02 mrt 2021 - 17:41

Wensoarchsintrum Puccini State yn Wolvegea is troffen troch in corona-útbraak. 18 fan de 20 bewenners binne posityf test, ien fan harren is yntusken ferstoarn. It grutste part fan de bewenners is oerbrocht nei de spesjale corona-ôfdieling foar âlderein op de lokaasje Anna Schotanus op It Hearrenfean.

Foto: Meriant

Puccini State is in lytsskalige wensoarchbuorkerij fan Friese Staten, sûnt in jier ûnderdiel fan Meriant. It is in soarchfoarsjenning foar minsken mei demintens, Alzheimer of in oare foarm fan ferjitlikens, dy't net mear thús wenje kinne.

Puccini State biedt romte oan tweintich bewenners, dy't elkoar moetsje yn twa mienskiplike wenkeamers. Yn de keuken kinne se tegearre itensiede.

Hoe't it mei de bewenners giet, is net bekend. Twa bewenners binne foarearst negatyf test. Sy ferbliuwe noch yn Puccini State en sitte oant takom wike woansdei previntyf yn karantêne. Hoe't it firus de soarchbuorkerij binnen kaam is, is net dúdlik.

(Advertinsje)
(Advertinsje)