Farmers Defence Force wol aksjefiere by haadkantoar FrieslandCampina

Boere-aksjegroep Farmers Defence Force (FDF) wol woansdeitemoarn aksje fiere by it haadkantoar fan FrieslandCampina yn Amersfoort. Neffens FDF is it tiid foar "grote schoonmaak" by it bedriuw.
© ANP
FDF is lilk op FrieslandCampina, dat hjoed nei bûten kaam mei de sifers oer 2020. Dêrby waard bekend makke dat boeren dit jier gjin neibetelling krije kinne oer harren molke. Dat barde oare jierren altyd wol. Ek wurde gjin lede-obligaasjes útjûn.
Neffens FDF is der sprake fan wanbelied by it bedriuw. "Boeren zijn ten einde raad", skriuwt de aksjegroep. De aksje, mei trekkers, moat om 10 oere úteinsette yn Amersfoort.