RIVM meldt earste coronadeade op Skiermûntseach

02 mrt 2021 - 16:11

Foar it earst is in ynwenner fan Skiermûntseach ferstoarn oan it coronafirus. It Waadeilân, de lytste gemeente fan Nederlân, wie ien fan de fjouwer gemeenten dêr't it firus noch gjin libbens easke hie. No binne de Fryske gemeenten Amelân en Flylân en de gemeente Rozendaal yn Gelderlân de iennichste sûnder coronadeaden.

De fjoertoer fan Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

It stjergefal waard yn it ôfrûne etmiel trochjûn oan it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu (RIVM). De frou is op 26 febrewaris op it Waadeilân ferstoarn.

De Waadeilannen bleaune troch harren lizzing lange tiid sparre by de corona-útbraak. Skiermûntseach wie yn oktober de lêste gemeente dêr't it coronafirus fêststeld waard. Sûnt heal febrewaris kampt it eilân lykwols mei in útbraak. Yn de lêste twa wiken testen 25 ynwenners fan Skiermûntseach posityf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)