Nij Smellinghe nimt hybride operaasjekamer yn gebrûk

02 mrt 2021 - 15:57

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten hat it nije operaasjekompleks yn gebrûk naam. Ferline wike fûnen de earste operaasjes plak. It kompleks bestiet út sân operaasjekeamers. Ien fan de keamers is in saneamde hybride operaasjekeamer.

Foto: Anne Marie Boonstra fotografie

Yn de hybride operaasjekeamer is in soad hightech röntgenapparatuer ynboud. Dêrtroch kinne der operaasjes hiel krekt útfierd wurde. Dêrtroch is de belesting foar de pasjint folle minder. It giet dan benammen op pasjinten dy't wat oan de bloedfetten hawwe, mar ek by it behanneljen fan nierstiennen komt de nije technyk goed fan pas.

Sjirurch Marald Wikkeling leit út: "Bloedvaten in bijvoorbeeld de lies zijn moeilijker te bereiken. Daarom was voor het dotteren of stenten daarvan tot voor kort een grotere operatie nodig. Dankzij de haarscherpe röntgenbeelden op de hybride operatiekamer, kunnen we deze ingreep nu ook via een kleine incisie doen."

Duorsume materialen

Mei it nije kompleks wol Nij Smellinghe utering jaan oan de slogan 'Samen bouwen aan duurzame zorg'. It gebou brûkt duorsume materialen lykas ledferljochting en sunige apparatuer en is better isolearre.

Neffens Folkert Brouwers komt dat duorsume aspekt ek op in oar mêd nei foar: "We vinden het belangrijk dat patiënten én medewerkers zich prettig voelen in Nij Smellinghe", sa seit Brouwers. "Het gebruik van lichte kleuren, aandacht voor ergonomie en het creëren van een ruimtelijk gevoel en veel daglicht draagt daar aan bij. De grote raampartijen binnen het operatiecomplex zijn een uniek voorbeeld daarvan. Dit zorgt voor veel licht, voor dagbeleving bij medewerkers en voor contact met buiten en de natuur."

(Advertinsje)
(Advertinsje)