Granaat fûn by magneetfiskjen yn Ljouwert

02 mrt 2021 - 15:53

Magneetfiskers hawwe tiisdeitemiddei yn it wetter by de Blokhúspoarte yn Ljouwert in granaat boppe wetter helle. De Explosieven Opruimingsdienst (EOD) fan Definsje wie te plak kaam en hat de granaat meinaam. De plysje hie de omjouwing ôfset.

De EOD sil de granaat op in oare lokaasje ta ûntploffing bringe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)