129 nije coronabesmettings; sân stjergefallen

02 mrt 2021 - 15:24

It RIVM meldt tiisdei 129 nije coronabesmettings yn Fryslân. Dat binne der 11 minder as de 140 fan moandei. It tal nije besmettings fan tiisdei is leger as it gemiddelde fan de ôfrûne wike, dat leit op 192.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne yn de ôfrûne 24 oeren meld yn de gemeente Ljouwert, mei 32. Dêrnei komt Súdwest-Fryslân mei 20.

Der binne yn de ôfrûne dei sân Friezen ferstoarn oan de gefolgen fan it coronafirus, dat binne ynwenners út de gemeenten Ljouwert, Weststellingwerf, Súdwest-Fryslân, Noardeast-Fryslân en Skiermûntseach.

It is foar it earst dat it RIVM in coronadeade meldt op Skiermûntseach. It Waadeilân wie ien fan de lêste gemeenten dêr't noch gjinien ferstoarn wie oan de gefolgen fan it coronafirus.

Yn deselde perioade binne der twa Friezen yn it sikehûs opnaam mei it coronafirus, sy komme út Opsterlân en Waadhoeke.

Lanlike sifers

Lanlik binne der 4.032 nije coronabesmettings meld. Dat is leger as it deistige gemiddelde.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)