Ien persoan ferwûne nei kop-sturtbotsing yn Drachten

02 mrt 2021 - 15:08

By in kop-sturtbotsing yn Drachten is tiisdeitemiddei ien persoan ferwûne rekke. Mei noch ûnbekende ferwûningen is dy persoan nei it sikehûs brocht.

Foto: Noordernieuws/De Vries media

It ûngelok barde op de Splitting ta hichte fan de ôfslach nei it Zetveld yn Drachten. Der kaam in ambulânse te plak dy't de belutsenen neisjoen hat. De plysje hat de saak fierder ôfhannele.

Trefwurden: 
Drachten ûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)