Nije mokselbanken yn de Waadsee dogge it goed

Twa nije mokselbanken yn de Waadsee, dy't yn 2018 foar it earst fûn binne, lykje goed stân te hâlden. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Wageningen Marine Research, in ûnderdiel fan de Universiteit Wageningen. Dat de nije mokselbanken it goed dogge is benammen wichtich foar bepaalde fûgels, dy't moksels ite, lykas de strânljip.
© ANP
Wageningen Marine Research docht al mear as 25 jier ûndersyk nei drûchfallende mokselbanken yn de Waadsee. Yn opdracht fan it ministearje fan Landbouw, Natuur en Voedselkwaliteit wurdt sjoen wat mokselbanken nedich ha om yn de Waadsee te oerlibjen. Sa wurdt der ûnder oare sjoen nei de lokaasje fan de mokselbanken, de gearstalling derfan en it tal moksels en oesters dat oanwêzich is.
De twa nije mokselbanken dy't yn 2018 fûn binne, binne ek yn 2019 en 2020 werom fûn. Dat is wichtich, om't nije banken it yn de earste fiif jier fan harren bestean it dreechst hawwe. Dêrnei nimme de oerlibbingskânsen faak sterk ta, sa blykt út sifers fan mokselbanken dy't al sûnt it begjin fan it ûndersyk yn 1995 folge wurde.