It ferhaal achter: 'Jo moatte soms ien tsjinkomme dy't wat fierder is as jo'

02 mrt 2021 - 14:30

Yn de dokumintêre 'Dûnsjend mei syn skaad' seit de wrâldferneamde marionettespiler en teätermakker Feike Boschma op in stuit: "Jo moatte soms ien tsjinkomme dy't wat fierder is as jo". Dy sin is programmamakker Piter Tjeerdsma altyd bybleaun. Hy makke yn 1999 de dokumintêre oer Feike Boschma (1921-2014), berne yn Ysbrechtum. "De sin is hiel universeel. Feike hie in bysûndere manier om nei de dingen te sjen. Hy wist dingen op gong te bringen dêr't ik sels amper fan wist dat ik it yn my hie. Eins hie er my ek oan in toutsje sûnder dat ik it sels troch hie."

Foto: Omrop Fryslân

Piter Tjeerdsma oer de kwootkampanje

Feike Boschma docht syn útspraak as se yn it Internationaal Theaterinstituut yn Amsterdam stean by de fitrine fan de ynternasjonaal ferneamde keunstneresse Cilli Wang. Hy wurke mei har gear en sei in soad fan har leard te hawwen. "Elk minske hat dat wat nedich. Jo moatte soms ien tsjinkomme dy't wat fierder is as jo en dy't it toch begrypt. It is ek sa, no't ik sels wat âlder bin, dat ik it aardich fyn dat guon jongere poppespilers wat oan my freegje. En dat wolst dan wol sizze, it is aardich datst dat kwyt kinst."

Gewoan en bysûnder

"Feike koe by de noas lâns wat sizze, it klonk faak hiel gewoan, mar ast deroer neitochtst, wie it eins hiel bysûnder", seit Piter Tjeerdsma. "En dy útspraak, "ien dy't wat fierder is as jo", dat wie Feike foar my fansels. Hy wie mýn learmaster. Dat ha ik ek tsjin him sein. Hy ynspirearre my. En oan de oare kant ynspirearre ik him ek wer mei de film dy't we letter tegearre makke hawwe. Dêryn koe hy wer nije dingen leare. It wie in noflik man, hiel relaxed. In kear sieten de toutsjes fan syn poppen hielendal yn de tiis. Dat wie gjin probleem, sei er. Hy pakte de skjirre, knipte de toutsjes los en sette der wer nijen oan."

Plan foar in film

By in optreden seach Piter Tjeerdsma as jongeman Feike Boschma foar it earst. "Ik wie fuort ûnder de yndruk, fûn it in geweldige en bysûndere man. En ik tocht: dêr wol ik in dokumintêre oer meitsje." Doe't Boschma oan syn ôfskiedsfoarstelling begûn, fûnen de earste opnamen plak. "We filmen by him thús yn syn prachtige atelier yn de Jordaan en ik wit noch dat we op in stuit allegear op de knibbels op de flier leinen, de kameraman, Feike en ik. Hy liet sjen hoe't je mei ien lape in persoan meitsje kinne. Doe't er nei de bylden op de monitor seach, wie er fernuvere hoe't dat útwurke op it lytse byld. Ut de gek sei ik dat we tegearre miskien wol in film meitsje koenen. It wie net echt in serieus plan, mar ik tocht dat is in moaie manier om kontakt te hâlden."

En sa it gien. "We seagen elkoar elke moanne, de iene kear gie ik nei him ta en de oare kear kaam er hjir, we ieten wat, kuieren wat en praten foaral oer de film. Ik makke oantekens, wurke dy út en dy stjoerden we inoar per brief. We wienen hiel close, hy waard suver ûnderdiel fan de famylje. Mar grappich genôch seinen we altyd 'jo' tsjin inoar."

Europeeske priis

Uteinlik is de film Sjoch, der leit wat op 'e dyk ek makke, nei't kollega's entûsjast op it idee reagearren en subsydzje takend waard. En yn 2004 wûn de film de Prix Circom Regional, in belangrike priis, dy't takend wurdt troch Circom, in organisaasje fan sa'n 400 telefyzjestasjons yn Europa.

Foto: Omrop Fryslân

Fryslân DOK

Underwilens wurket Piter Tjeerdsma al hiel wat jierren as dokumintêremakker en begeliedt er jongere kollega's. De útspraak fan Feike Boschma is no sa stadichoan ek op him fan tapassing. "Ik tink wolris: as ik mar in bytsje oproppe kin fan wat Feike by my oprôp, dan soe dat al moai wêze."

Fryslân DOK is te sjen op de lanlike stjoerder. "Us programma's moatte dêrom ek nijsgjirrich wêze foar ien út bygelyks Enschede of Amsterdam. It moat wat universeels hawwe. Us krêft is dat we fanút de provinsje wurkje. Dan krijst wat oars as wannear't Hilversumske makkers hjir oer de hage sjogge en wat ophelje. Dat is neffens my ek de essinsje fan in dokumintêre, datst tichtby begjinst en dan útzoomst. Feike Boschma koe dat ek, mei in lyts bytsje wat yn gong sette. Ferbylding oproppe."

It programma hat in fêste groep sjoggers en der komme geregeld reaksjes binnen. "Minsken dy't rekke binne of wat mear witte wolle. Faak fan minsken bûten de provinsje trouwens en dan net allinnich mar Friezen om utens. Faak wol minsken dy't gefoel foar it plattelân hawwe, foar fernijing en feroaring. Dy't bewust neitinke oer it bestean."

Ynspirearje

"Foar my is in dokumintêre slagge as we minsken ynspirearje kinne. In oare blik jaan kinne, en dan net mei in wizend fingerke, mar we observearje, hawwe oandacht foar it gewoane sadat it bysûnder wurdt. Hooplik kinne we wat wekker meitsje, minsken ferrasse en ta ynsichten bringe. Mar it moat tagelyk ek moai en plezierich wêze om nei te sjen. We wolle de ferbylding oproppe, ik sis wolris: in kameraman moat poëzy yn de lins hawwe. Je moatte der in bytsje blider fan wurde."

Dûnsjend mei syn skaad (1999)

Poppespiler Feike Boschma fertelt yn dizze dokumintêre oer syn wurk. In doaze mei lapen op souder wie it begjin fan syn fassinaasje foar poppen. Mei minimale middels wit er in soad te sizzen, op in keunstsinnige wize en dat hege nivo hat er al 50 jier. We sjogge him oan it wurk en by de opbou nei in foarstelling. Ek oare poppespilers komme oan it wurd.

'Sjoch, der leit wat op 'e dyk... (2003)

It idee foar dizze film ûntstie doe't Piter Tjeerdsma ein 1999 in portret makke fan poppespiler Feike Boschma. Nei't se troffen waarden troch de wikselwurking fan marionet en kamera skreaune se tegearre it senario. De film kin sjoen wurde as it libbensferhaal fan Boschma, dy't yn 1921 yn Ysbrechtum berne waard en letter nei Amsterdam ferhuze. Sjoch, der leit wat op 'e dyk is in filmgedicht fan bylden en assosjaasjes, mei teksten fan Fryske dichters en muzyk fan komponist Cees Bijlstra. It ferhaal giet oer in hoed dy't weromkomt nei it plak dêr't er wei komt, mar syn âlde omjouwing net mear ken. Mar ek de omjouwing ken de hoed net mear.

Sjoch, dêr leit wat op 'e dyk

Fryslân DOK biedt filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't derta dogge. Ferhalen dy't reitsje of dy't diskusje oproppe, oer ûnderwerpen dy't spylje yn Fryslân. De Frysktalige dokumintêres fan Fryslân DOK wurde Nederlânsk ûndertitele en binne op de lanlike telefyzje te sjen (sneons by NPO2 om 15.30 oere, werhelling sneins 13.10 oere) en sneins by Omrop Fryslân om 17.00 oere (werhelling alle oeren).

Dit is in artikel by de kampanje 'Kom fierder' fan Omrop Fryslân. Wolst mear lêze en bist nijsgjirrich nei ús oare programma's? Sjoch dan op Omropfryslan.nl/komfierder

(Advertinsje)
(Advertinsje)