Steatefraksje FNP wol meiprate oer Deltaplan van het Noorden

02 mrt 2021 - 13:26

De steatefraksje fan de FNP wol dúdlikens oer it saneamde Deltaplan van het Noorden. Dat seit de partij tiisdei. De konsekwinsjes fan dat plan - mei de Lelyline en mooglik 100.000 nije hûzen - binne neffens de partij sa grut foar Fryslân dat Provinsjale Steaten der goed oer ynformearre wurde moatte, foardat ûnkearbere stappen set wurde.

Provinsjale Steaten yn coronatiid: maksimaal 12 steateleden yn de seal - Foto: Omrop Fryslân

"Der wurdt troch de wethâlders fan Ljouwert folslein opportunistysk in fiergeand oanbod oan it Ryk dien, sûnder foarôfgeand demokratysk debat yn de gemeenteried of oerlis mei buorgemeenten en de provinsje", seit FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol. "Ek liket it derop dat net neitocht is oer wenningbou yn de eigen doarpen."

10.000 ekstra hûzen yn Ljouwert

Knol hat it oer plannen fan de gemeente Ljouwert. Dêr waard moandeitejûn in plan presintearre foar 10.000 ekstra hûzen. Dy moatte njonken de al besteande plannen yn de stêd komme. De wethâlders bringe dy plannen yn foar it Deltaplan voor het Noorden. Wethâlder Friso Douwstra fan Ljouwert seit dat se noch goed yn petear wolle mei de ried.

Neffens FNP-Steatelid Sybren Posthumus moatte de grutte linen fan it Deltaplan der foar 1 maaie lizze. Hy wol dat alles ek yn de Fryske Steaten bepraat wurdt. De FNP wol dêrom foar ein maart witte oft Deputearre Steaten it Deltaplan ek foarlizze wolle oan Provinsjale Steaten. En as dat net bart, hoe't Provinsjale Steaten dan wol op de hichte brocht wurde. As de FNP dêr net gau antwurd op krijt, wol de partij it sels op de aginda sette.

FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol

(Advertinsje)
(Advertinsje)