Ljouwert wol oant 10.000 nije hûzen bouwe: "Us bid foar de Lelyline"

02 mrt 2021 - 12:52

De gemeente Ljouwert wol 5.000 oant 10.000 ekstra hûzen bouwe yn en om de stêd. Mei de hûzeplannen wol Ljouwert ambysje sjen litte foar de Lelyline. As dat spoar der komt, tusken de Rânestêd en Grins, wol Ljouwert dat de trein ek nei de Fryske stêd rydt. "Ljouwert moat sjen litte dat je hjir wenje kinne, hjir wurkje kinne en dat je hjir berikber wêze kinne", seit wethâlder Friso Douwstra.

Ljouwert wol oant 10.000 nije hûzen bouwe: "Us bid foar de Lelyline"

It is allegear ûnderdiel fan it Deltaplan foar it Noarden. Dat plan is in idee fan de Twadde Keamerfraksje fan it CDA. Dy partij wolle fan de fjouwer noardlike provinsjes in plan om it wenjen en wurkjen hjir te stimulearjen.

"As bedriuwen hjir komme wolle, moatte hjir ek minsken wenje kinne", seit Douwstra. "Dat ûntwikkelje we. It is ek nedich foar in goede ûntsluting foar it ferkear en foar it spoar. Dit is ús bid foar de hiele Lelyline."

In protte wurk, mar it kin

De nije hûzen moatte der stean foar 2030. "Dat hoeft niet allemaal in een keer", seit wethâlder Hein de Haan. "We zijn nu al bezig. We hebben ruimte in Middelsee en de Súdlannen. We bouwen bij Nieuw-Oud-Oost als SC Cambuur daar vertrekt. En we hebben het Spoordokgebied dat we kunnen herontwikkelen. Er moet een boel gebeuren, maar het kan wel."

Foto: Gemeente Ljouwert

Wethâlders Hein de Haan en Friso Douwstra oer de hûzeplannen

(Advertinsje)
(Advertinsje)