Plysje Ljouwert nimt drugs yn beslach nei ynfal yn wenning

By in ynfal yn in wente yn Ljouwert hat de plysje tiisdeitemoarn 7 gram kokaïne, 33 ampullen amfetamine en 60 gram amfetamine oantroffen. Nei de fynst binne trije minsken oanholden.
Drugs © Omrop Fryslân
It giet om in wenning oan de Wismastate yn Ljouwert. Der wiene ferskate klachten binnenkaam by de plysje fanwegen drugsoerlêst fia Meld Misdaad Anoniem.
De drugs is yn beslach naam. De 46-jierrige bewenner fan it hûs is oppakt, tegearre mei in 30-jierrige man en in 43-jierrige frou út Ljouwert.