Oplichter brûkt namme fan eigen advokaat: "Stevig gesprek gehad"

In 55-jierrige man hat by syn oplichtingspraktiken yn Fryslân de namme fan syn eigen advokaat opjûn. Dat die tiisdei bliken by in sitting fan de rjochtbank yn Ljouwert. Dyselde advokaat stie de fertochte by, mar wie 'not amused', sa sei der. "We hebben een stevig gesprek gehad."
De rjochtseal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Sa hie de fertochte de namme fan syn advokaat brûkt by in Sineesk restaurant yn Harns, en by in tankstasjon yn deselde stêd. Dêrneist hie hy ek op oare plakken yn 'e provinsje oernachte of tankt sûnder te beteljen. Hy wie út it midden fan Nederlân wei nei Fryslân takaam yn in stellen auto.
De offisier fan justysje hat 15 moanne sel easke tsjin de man, wêrfan 5 ûnder betingst. De advokaat fan de man pleite foar in selstraf dy't gelyk is oan it foararrest, sadat de man in plakje sykje kin by in helporganisaasje.