Godfather fan it Frysk hynder, Harry Witteveen (94), ferstoarn

02 mrt 2021 - 11:49

Yn Kanada is ôfrûne freed op 27 febrewaris Harry Witteveen ferstoarn. Witteveen wie ien fan de grutste fokkers fan Fryske hynders yn Kanada, en is ek opnaam yn de Hall of Fame foar syn fertsjinsten foar it Frysk hynder yn Noard-Amearika. Hy waard 94 jier.

Foto: Omrop Fryslân

Witteveen kaam fan Mullum. Hy wie 19 jier doe't er yn 1947 mei de earste boat mei emigranten nei Kanada reizge. Hy rekke oant wurk yn in abattoir, mar hy hie gau troch dat hei mei in eigen slachterij mear fertsjinje koe. Yntusken is Witteveen Meats in begryp oant yn de wide omjouwing fan Toronto.

Yn 1984 hellet Witteveen as ien fan de earsten Fryske hynders nei Noard Amearika. Hy wûn hûnderten prizen en kin sjoen wurde as ien fan de wichtichste fokkers fan Kanada. Dêr neame se him ek wol de Godfather fan it Fryske hynder. Sels seach Witteveen de hynders foaral as hobby en in manier om kontakt te hâlden mei oare Fryske emigranten.

Sjoch hjir nei de Fryslân DOK dy't Omrop Fryslân yn 2011 makke oer Harry Witteveen:

(Advertinsje)
(Advertinsje)