Fryske jeugdôfdieling VVD wol kearnsintrale yn Fryslân

02 mrt 2021 - 14:37

De Fryske jeugdôfdieling fan de VVD wol dat der in kearnsintrale yn Fryslân komt. Premier en VVD-listlûker Mark Rutte sei snein yn it RTL-debat dat er kearnsintrales yn Nederlân bouwe litte wol. As mooglike lokaasje neamde hy Grinslân, mar de provinsjale steaten dêr ha har al útsprutsen tsjin de komst fan sa'n sintrale. Neffens JOVD Fryslân soe ús provinsje wol prima wêze.

In kearnsintrale yn België - Foto: ANP

De Fryske ôfdieling fan de JOVD tinkt dat de bou fan in kearnsintrale en it ûnderhâld dêrfan nije banen opsmyt. "Wat ons betreft staat de centrale er morgen al", seit foarsitter Susan Drenth. Mooglike plakken binne neffens har Grou, Harns, It Hearrenfean en Burgum. "Groningen hoeft er geen, zet de kerncentrale dan maar in Fryslân."

Guon politike partijen binne foar de bou fan kearnsintrales yn Nederlân, om dêrmei de klimaatdoelstellingen te heljen.

Bytsje CO2 by kearnsintrales

Nederlân wol yn 2030 sawat de helte minder CO2 útstjitte as yn 1990. In foardiel fan kearnenerzjy is dat der relatyf in bytsje CO2 by frijkomt. Op it stuit stiet der ien kearnsintrale yn Nederlân, yn Borssele (Seelân).

Bou duorret te lang

Mar nije kearnsintrales soenen net helpe om de doelstellingen fan 2030 te heljen, want de bou dêrfan soe al langer duorje. Boppedat is it it dreech en djoer om skealik radio-aktyf ôffal te ferwurkjen. Dêrnjonken binne der feilichheidsrisiko's. By rampen yn Oekraïne en Japan kaam in soad strieling frij dy't in soad skea feroarsake yn de natuer en by de sûnens fan omwenners.

Yn ûnder oare Frankryk en België soargje kearnsintrales foar in grut part fan de enerzjy, mar dêr wolle se dat wol ferminderje, omdat se mear ynsette wolle op sirkulêre enerzjy.

Trefwurden: 
enerzjy JOVD kearnsintrale
(Advertinsje)
(Advertinsje)