Ferkiezingsposters yn Ljouwert bekladde

02 mrt 2021 - 11:37

Op ferskate plakken yn Ljouwert binne der ferkiezingsposters bekladde. It gie benammen om posters fan de VVD, mei listlûker Mark Rutte. Ek posters fan FVD, mei listlûker Thierry Baudet, moasten it ûntjilde.

Rutte krige ûnder oare in snor en in bloednoas fan de fandalen. By in poster fan Baudet gie it om in snor, in burd en in read krús troch syn gesicht.

Trefwurden: 
Ferkiezingen posters
(Advertinsje)
(Advertinsje)