Nyck de Vries reservekoereur by Formule 1-team Mercedes: "Ik voel me bevoorrecht"

Nyck de Vries fan Snits wurdt dit seizoen reservekoereur by it Formule 1-team fan Mercedes. Dat hat it raceteam tiisdei bekend makke. Njonken De Vries (26) wurdt ek de Belch Stoffel Vandoorne reservekoereur.
© Formula E
De Vries rydt ek foar Mercedes yn de elektryske raceklasse Formule E. Dêryn stiet er nei it earste racewykein op it earste plak.
"Ik voel me bevoorrecht dat ik als reservecoureur mag aansluiten bij Mercedes voor het komende seizoen", skriuwt De Vries op Instagram. "Ik bedank de hele Mercedes-familie voor het vertrouwen en de steun."
De stuoltsjes by Mercedes yn de Formule 1 wurde op dit stuit beset troch de Ingelske wrâldkampioen Lewis Hamilton en de Fin Valtteri Bottas.