Skiermûntseach hat gemiddeld measte stimberjochtige 70-plussers

By de oankommende ferkiezingen foar de Twadde Keamer, dy't holden wurde op 15, 16 en 17 maart, meie sa'n 2,4 miljoen minsken harren stim útbringe fia de post. Dat hat it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) útrekkene. It giet dan om 70-plussers, dy't fanwegen it coronafirus dizze gelegenheid krije.
© Omrop Fryslân
Yn Fryslân hat de gemeente Skiermûntseach gemiddeld de measte 70-plussers. It giet hjir om in kwart fan de befolking op it eilân, meldt it CBS. Yn de gemeente Flylân is it persintaazje 70-plussers it leechst fan Fryslân mei ûngefear 16%.
Neffens it CBS mei in groep fan sa'n 810.000 jongerein dan wer foar it earst har stim útbringe foar de Twadde Keamer.