Plysjeman yn Ljouwert krijt stik glês yn skonk

02 mrt 2021 - 09:59

In plysjeman is moandeitejûn yn Ljouwert ferwûne rekke oan syn skonk. De plysje wie ôfkaam op in melding fan oerlêst oan de Poststrjitte yn de stêd.

Oanhâlding - Foto: Shutterstock.com

Op de lokaasje trof de plysje in man oan dy't net foar rede fetber wie. Hy skreaude nei de plysje, en trape in glêzen doar hurd ticht. It glês fan de doar knapte dêrtroch, en in stik fan de doar bedarre yn de skonk fan in plysjeman.

De 33-jierrige man dy't foar de oerlêst soarge is oanholden foar mishanneling.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert oerlêst
(Advertinsje)
(Advertinsje)