Boete foar wytplantaazje boppe kafee yn Aldwâld, kafeebaas 'wist fan neat'

02 mrt 2021 - 08:34

In man fan 35 jier út Muntsjesyl, dy't in wytplantaazje hie boppe in kafee yn Aldwâld, moat in boete fan 750 euro betelje. Boppedat moat er in part fan syn opbringsten werom betelje.

Foto: Pixabay

De ynwenner fan Muntsjesyl joech yn de rjochtbank ta dat er ein 2018 en begjin 2019 belutsen wie by it opsetten en it runnen fan de himpplantaazje boppe it kafee oan de Foarwei yn Aldwâld. Wat net dúdlik waard, wie oft de man it allinnich dien hie of dat de útbater fan it kafee ek op de hichte wie. Neffens de Muntsjesylster wie de kroechbaas (59) op de hichte, mar dy hat dat sels altyd ûntkend. Om't de advokaat fan de kroechbaas net by de saak wêze koe, wurdt dat letter behannele.

Ynfal nei tip

De plysje hie op 21 febrewaris 2019 in ynfal dien yn it kafee, nei in tip út de buert. Op de earste ferdjipping fûn de plysje in plantaazje mei 99 planten. De stroom waard yllegaal ôftape. De útbater sei dat er net op de hichte wie fan de kwekerij.

Doe't er der letter achter kaam wat der oan de hân wie, krige er nei eigen sizzen sawat 'een hartverzakking'. Hy wie benaud foar de oare fertochte en dêrom doarde er neat te sizzen.

Saak is al âld

Der wie ien kear rispe, de wyt brocht 5.000 euro op. Omdat de saak al oan de âlde kant wie, joech de rjochter in boete fan 750 euro oan de Muntsjesylster, mei dêrboppe-op noch 250 euro ûnder betingst. Fan de opbringsten moat er 2.375 euro werom betelje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)