Kollum: "Vries is ook een taal, ja hoor"

"It ynterview mei Gerben fan Snits gie oer it feroarjen fan syn achternamme. Oer de redenen foar it nimmen fan sa'n yngripende beslissing. Syn relaas draaide benammen om de gefolgen fan geastlike mishanneling en ferwaarleazging. Foar him de oanlieding om yn 2005 mei in nije achternamme troch it libben te gean. Hy die syn ferhaal om't er lêzen hie dat yn coronatiid, dêr't gesinnen út need byinoar op 'e lippe sitte, bern faker mishannele wurde. By dy berjochten miste er it aspekt fan geastlike mishanneling. Dêr hie er, as ien dy't wit wêr't er it oer hat, in melding fan makke by it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid yn Ljouwert.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De toan fan Willem Schoorstra
It wie in persoanlik, ynmoedich ferhaal en makke krekt dêrom yndruk. Likegoed bleau my ien ding nei it lêzen dêrfan by. In opmerking sa by de noas lâns. Fanwege syn bân mei Snits woe er graach dy as nije achternamme ha: Fan Snits. Mar dat mocht net. Snits koe wol om't dat noch Nederlânsk klonk, mar it foarheaksel Fan mocht net mei in F skreaun wurde, om't Frysk ferbean is yn de Nederlânske nammewetjouwing.
Dêr foel my de bek fan iepen en sakke my de broek fan op 'e knibbels. Tagelyk moast ik tinke oan in passaazje dy't ik lang lyn ris lêzen hie. Dêryn waard beweard dat de namme De Vries allinne mei in V skreaun wurde mocht. Want mei in F soe it ferwize nei dyn komôf, dyn etnisiteit, en dat mocht net. No wit ik net mear oft dat yn in boek wie, yn in artikel of yn in ferslach. Ik ha der noch om socht, mar koe it sa fluch net fine.
Dochs is it my bybleaun om't ik it, njonken belachlik, ek diskriminaasje fûn. Dat fyn ik ek yn it gefal fan Gerben fan Snits. It giet ferdomme, mei in F, om ien letter. Ien suterige letter dy't lykwols fan grutte emosjonele wearde is. Mar de Nederlânske nammewetjouwing stiet it net ta, om't Frysk ferbean is. It tsjinstridige is datst dyn famylje- of achternamme wol ferfryskje meist. As jo de korrekte Fryske stavering fan in Fryske skaainamme ha wol, kin dat. Dat is in diskrepânsje dêr't ik de holle net omhinne krij. Foarearst is der ek net ien dy't my dat útlizze kin.
Want as it Frysk de twadde Rykstaal is, wêrom is it dan überhaupt ferbean yn de nammewetjouwing? En wa hat dat ea sa bepaald? Is der dan werklik sprake fan strukturele taaldiskriminaasje, sa't lêsten yn in opinystik úthâlden waard? De fraach stelle is him beäntwurdzje. Blykber is it Frysk sa minderweardich foar de Steat, dat jo allinne mei in fatsoenlike Hollânske, of Hollânsk klinkende stavering troch it libben kinne. Omdat it Hollânsk beskaafd is. En it Frysk net. Dat is de iennichste konklúzje dy't ik dêrút lûke kin, in fêststelling dy't my oan it flokken makket. Mei in F."