Fryske plysje siket fermiste Ljouwerter (64)

02 mrt 2021 - 07:26

In 64-jierrige man út Ljouwert wurdt sûnt snein fermist. Dat meldt de plysje, dy't minsken no freget wa't wat oer him wit. Neffens de plysje hat de man snein yn 'soarchwekkende tastân' syn hûs ferlitten.

Tiisdeitemoarn is der troch de plysje socht yn it wetter oan de Westerkade yn Ljouwert. Dat barde ûnder oare mei in boat. De man is 1,75 meter lang, hat koart griis hier en blauwe eagen. Neffens de plysje hat er meastal in spikerbroek en in kreaze trui oan.

Wa't ynformaasje oer him hat, wurdt frege telefoanysk kontakt op te nimmen mei de plysje op 0800 - 6070.

Foto: Alle Faber, Omrop Fryslân
Trefwurden: 
Ljouwert fermissing
(Advertinsje)
(Advertinsje)