Fryske terrassen tiisdei op de kop bûten: "Us wrâld stiet ek op de kop"

02 mrt 2021 - 07:13

Hoareka-ûndernimmers yn Fryslân sette tiisdei de terrassen bûten, mar dan wol op de kop. Dêrmei wolle se oandacht freegje foar de situaasje dêr't se yn sitte. "Us wrâld stiet ek op de kop", seit Ton Eijer. Hy is kafeebaas fan Scooters yn Ljouwert en foarsitter fan de hoarekaferiening yn de stêd. "We jouwe in hiel dúdlik sinjaal ôf sa."

It is net de bedoeling dat minsken ek op de terrassen sitte. "We wolle gjin útnûging jaan", ferdúdliket Eijer. "Mar wol sjen litte dat we fine dat der wat gebeure moat. In protte saken binne al in jier ticht, oaren al fjouwer moannen. We misse it perspektyf."

'Feilich iepen kin'

Neffens Eijer kin de hoareka feilich iepen. "Dat ha we fan it simmer wol sjen litten. Doe wienen der ek allegear regels: reservearje, sûnens tsjekke, sitplakken mei ôfstân, net dûnsje, letter kamen de mûlkapkes der noch by. We kinne hiel feilich de saak iepen dwaan. It is tiid dat dy romte der komt."

De hoarekawrâld hat de stipe fan de boargemasters yn it Veiligheidsberaad. Foarsitter Bruls seit dat der yn lytse stapkes mear romte komme kin. "Een terras kun je ook eerst in bepaalde delen van de week open doen en dat langzaam uitbouwen." De Fryske GGD hat just soargen oer de ferrommingen dy't der al binne.

Alle twa wiken wer hoopje

Dêr wol Eijer syn eagen ek net foar slute. "Je moatte ek rekken hâlde mei de besmettingen en de sikehûsopnamen, dat snappe wy ek wol." Hy hopet benammen op perspektyf. "No sitte we om de twa wiken nei in parsekonferinsje te sjen en hoopje we op goed nijs. Al seinen se mar dat we op 1 maaie wer iepen kinne. Dan ha we wat om nei ta te wurkjen. Guon saken kinne dan wer personiel oannimme. Dat sil wol moatte, want in part fan de meiwurkers yn de hoareka docht yntusken wat oars. As we in datum ha, dan witte wêr't we oan ta binne."

(Advertinsje)
(Advertinsje)