Mear as 400 Fryske hûshâldens dupearre troch taslagge-affêre

Yn Fryslân binne yn alle gefallen 425 húshâldingen dupearre troch de taslagge-affêre. Dat docht bliken út in rûnfraach fan Omrop Fryslân by de gemeenten. Fan al dy húshâldens wennet ien tredde (145) yn de gemeente Ljouwert. Dêrom begjint in spesjaal team fan de gemeente dizze wike mei it aktyf oanbieden fan help.
Mear as 400 Fryske hûshâldens dupearre troch taslagge-affêre
It Hulpteam Toeslagenaffaire 058 fan de gemeente Ljouwert kin los. Nei moannen wachtsjen binne de kontaktgegevens fan de slachtoffers fan de taslagge-affêre bekend by de gemeente.
Aukje Hoekstra fertelt wat it helpteam fan de gemeente Ljouwert dwaan kin
Aukje Hoekstra is lieder fan it helpteam en fertelt dat se yntusken mei 22 dupearden kontakt hat. Sy ha har meld by de gemeente. Hoekstra: "De problematyk dy't ik tsjinkom by dizze minsken is hiel ferskaat. De ien is in baan kwytrekke en de oare freget bygelyks om útstel fan gemeentlike belestingen. Dat binne noch mar in pear fan de helpfragen dy't op ús paad komme."
Moatst neigean dat se jierren heard ha dat se wat ferkeard dien ha.
Aukje Hoekstra fertelt dat der in hiel soad skamte en eangst is
Fan de oare 123 dupearre húshâldingen hat Hoekstra noch hielendal neat heard. Om dochs help te bieden, wurde dy de kommende wiken benadere. Neffens Hoekstra is it dreech foar dizze minsken om derfoar út te kommen dat se slachtoffer binne. "Der sit in hiel soad skamte en eangst", fertelt se. "Moatst neigean dat se jierren heard ha dat se wat ferkeard dien ha. Der is in hiel soad psychysk leed, wat noch hieltyd spilet. Se binne sa benaud."

Help by skulden, baan of belesting

Hoekstra besiket yn har kontakt mei de slachtoffers dúdlik te meitsjen dat de gemeente allinnich helpe wol. "Wy kinne help biede mei bygelyks de skulden. Wy kinne foarderingen befrieze. Mar ek foar minsken dy't har baan ferlern ha, dêr kinne wy ek mei helpe. Of de gemeentebelestingen dy't noch iepen stean. It binne ferskate problemen dêr't wy wat mei dwaan kinne."
De slachtoffers ha noch oant 2024 de tiid om har te melden by de Belastingdienst. Neffens Hoekstra kin it dus ek wêze dat der elke moanne mear minsken har melde.
Ferskate ferhalen mei Fryske slachtoffers fan de taslagge-affêre:

Dupearden taslagge-affêre de gemeente

Gemeente
Ljouwert 145
Súdwest-Fryslân 71
Smellingerlân 54
Hearrenfean 29
Weststellingwerf 24
De Fryske Marren 17
Tytsjerksteradiel 16
Waadhoeke 11
Eaststellingwerf 11
Noardeast-Fryslân 10
Achtkarspelen 9
Opsterlân 9
Harns 8
Dantumadiel 6
Amelân 2
Skylge 2
Skiermûntseach 1
Flylân 1
Totaal 425