Bearke-aksje fan SC Hearrenfean falt yn de prizen

01 mrt 2021 - 22:05

De bearke-aksje fan Sportklup Hearrenfean hat moandei trije gouden awards wûn by de SponsorRingen, de fakprizen yn de nasjonale sponsorbranche. De bearke-aksje helle ein oktober 2020 goed 300.000 euro op foar KiKa.

Foto: Omrop Fryslân

De bearke-aksje wie in inisjatyf fan KiKa, genêsmiddelbedrriuw MSD, reklameburo Joe Public en SC Hearrenfean. Mei goed 15.000 knuffelbearkes, dy't allegearre in plakje krigen hiene op de tribune fan it Abe Lenstra Stadion, waard omtinken frege foar kanker by bern. Nei ôfrin fan de wedstriid tsjin FC Emmen koene de knuffels kocht wurde, wêrmei't jild ophelle waard foar it goeie doel. De bearkes wiene yn 24 oeren útferkocht.

De bearke-aksje wûn de gouden prizen yn de kategoryen Maatschappij, Creativiteit en PR-inhaker. Maatskiplik manager Gerritsma is tige wiis mei de prizen: "Het is inmiddels vier maanden geleden dat de beren in ons stadion zaten, maar nog steeds beginnen mensen erover. Het geeft aan hoe groot de impact van deze actie is. De beren hebben de club en de andere partijen op de kaart gezet. Maar het allerbelangrijkste: de prachtige opbrengst voor nog meer en nog beter onderzoek naar kinderkanker."

(Advertinsje)
(Advertinsje)