Reedrider Tjerk de Boer ferlit Team IKO en leit fokus op maratonreedriden

Tjerk de Boer moat nei dit seizoen op syk nei in nije ploech. It kontrakt fan de reedrider út Weidum wurdt troch Team IKO net ferlinge. Dat hawwe beide partijen yn 'goed oerlis' besletten. De 21-jierrige De Boer wol syn fokus no op it maratonreedriden lizze.
© Orange Pictures
"We hebben zulke goede dingen van Tjerk gezien tijdens trainingen, maar het kwam er in de wedstrijden nog niet uit", lit Team IKO yn in ferklearring witte. "Dat is natuurlijk ontzettend frustrerend en dan verlies je langzaam ook de plezier in je sport. Wij denken dat Tjerk via de marathon dit plezier kan terugvinden en zich via deze weg alsnog verder kan ontwikkelen."
"Ik heb het ontzettend naar mijn zin gehad bij Team IKO", sa seit De Boer. "Ik heb mij echt thuis gevoeld in het team en heb een goede klik met de trainers. Ik merk echter dat door de focus alleen op langebaan te leggen, ik een stukje plezier mis in het schaatsen. Via de marathon hoop ik dit plezier te vergroten en zo op een alternatieve manier toch mijn doelen te behalen."
De Boer waard dit seizoen op it NK ôfstannen fyftjinde op de 1.000 meter en trettjinde op de 1.500 meter. Op it NK allround einige hy as trettjinde.