Soad draachflak foar nij rêdingsplan foar swimbad Boalsert

01 mrt 2021 - 19:54

It swimbad Vitaloo yn Boalsert moat bliuwe. Dat is de ynset fan in grutte groep Boalserters. De gemeente wol it bad Vitaloo slute omdat it te djoer is en der te min minsken gebrûk fan meitsje. Nei heftige protesten tsjin de sluting hat de gemeente Súdwest-Fryslân de Boalserters de kâns jûn om te kommen mei plannen om it iepenhâlden fan it swimbad mooglik te meitsjen. De plannen moasten 1 maart ynlevere wurde.

Swimbad Vitaloo yn Boalsert - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

In Drijf-In bioskoop, in Piratefestival of in triatlon: de Boalserters sitte net ferlegen om moaie plannen om harren swimbad nij libben yn te blazen. Dat wie ek wol nedich wat it entûsjasme foar it bad wie yn de ôfrûne jierren sa bot weromrûn dat de gemeente der serieus oer neitocht om it bad te sluten.

Dat lieten de Boalserters lykwols net samar oer har hinne komme. In striid foar it behâld fan it bad barste los, en yn de tuskentiid is de miskien wat slûge hâlding tsjinoer it bad omslein nei ien fan enerzjy en entûsjasme.

Plan foar de takomst

No leit der in plan klear om it bad ree te meitsjen foar de takomst, tsjin in sa leech mooglik kosteplaatsje. De wurkgroep Swimbad Boalsert hat bygelyks yn de ôfrûne twa wiken 900 Boalserters ynskreaun as offisjele freon fan it bad. En ek de ûndernimmers rinne waarm: 60 bedriuwen hawwe harren meld as sponsor.

De gemeente wol lykwols dat de wurkgroep mei in plan komt, dat moast foar 1 maart ynlevere wurde. Dat is slagge.

Stipe bliuwt nedich

De stipe fan de gemeente bliuwt lykwols ek mei it nije takomstplan nedich, sa seit Tineke Breeuwsma fan de wurkgroep: "In swimbad kostet gewoan jild. Mar ast sjochst wat wy yn in koart skoftke dien hawwe, dat minsken wer de positiviteit en enerzjy weromkrigen hawwe, en dat se wer swimme wolle. Dat is toch prachtich!"

It kolleezje en de gemeenteried moatte no te set oer de plannen fan de Boalserters, de ferwachting is dat der ein april mear dúdlikheid komt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)