Tryater komt mei nije foarstelling nei de minsken ta

01 mrt 2021 - 19:34

Teätermakkers hawwe hieltyd mear har nocht fan digitale foarstellings en wolle hiel graach live teäter meitsje, sa ek by Tryater. Mar der hinget in grutte tekken fan ûnwissichheid oer de makkers: wannear mei der wer wat en wat mei der dan wol en net? Tryater wie de lêste moannen drok dwaande mei de nije foarstelling 'Nacht', dy't plakfine soe yn parkeargaraazje De Klanderij yn Ljouwert, yn de hoop dat der ynkoarten wer spile wurde koe foar in lyts publyk. Dat sit der op koarte termyn net yn en dus hawwe se in alternatyf betocht: monologen op de stoepe of oprit by de minsken thús.

Foto: Foto: Tryater

De foarstelling is foar in part digitaal en foar in part 'live'. Nei it fertoanen fan in film geane de tsien akteurs Fryslân yn, nei it publyk ta. It is in ferrassing hokker akteur by dy op de stoepe stiet. "Fryslân wurdt yndield yn ferskate regio's en eltse akteur spilet elke jûn fiif kear syn of har monolooch," fertelt regisseur Tatiana Pratley.

It wie lange tiid de bedoeling dat it in 'gewoane' lokaasjefoarstelling wurde soe. Skriuwer fan it stik Wessel de Vries wie noch mar krekt klear mei it skript of Pratley kaam mei it nijs dat it stik net yn dizze foarm trochgean koe. "Dat wie wol even in teloarstelling", sa jout De Vries ta. Hy hie trije wiken de tiid om foar tsien akteurs monologen te skriuwen. "Dat wie wol even omskeakelje, want it is in hiel oar sjenre. Oan de oare kant bin ik al sa lang mei it ferhaal dwaande dat it ek wol rap gie."

Wessel de Vries, skriuwer fan Nacht

It stik giet oer ferskate minsken dy't nachts noch wekker binne. "Sa as in sjoernalist, in taksysjauffeur, in skjinmakker of gewoan ien dy't net sliepe kin. Wat hâldt harren wekker?" De Vries wie al dwaande mei it stik foardat de coronakrisis útbruts, mar fynt it ferhaal hiel goed by dizze tiid passen. "Der binne op it stuit in soad saken dêr't minsken fan wekker lizze kinne."

Ferlet fan echt kontakt

Pratley hat as teätermakker in grut ferlet om wer yn it echt kontakt te krijen mei it publyk en stribbet hjir binnen wat mooglik is nei. En dat is net maklik yn dizze ûnwisse tiden. "We moatte fleksibel wêze en dat freget in soad fan ús. Oan de oare kant soene we dit konsept nea betocht hawwe as der gjin corona west hie. Ik bin hiel grutsk dat we dit oan it opsetten binne en sa it teäter nei de minsken tabringe."

Tatiana Pratley, regisseur fan Nacht

(Advertinsje)
(Advertinsje)