Wat mei de oerheid wol en net as it giet om in faksinaasjebewiis?

Der moat noch dizze moanne in foarstel komme foar in digitaal faksinaasjepaspoart, fynt de Europeeske kommisje. Premier Mark Rutte hat al sein dat Nederlân der gjin beswier tsjin hat. D66-listlûker Sigrid Kaag sei snein al dat se wol dat Nederlanners mear frijheden krije as se faksinearre binne tsjin corona. Mar hoe sit it krekt mei sa'n faksinaasjebewiis? Wy leine inkele kearnfragen foar oan heechlearaar steatsrjocht oan de Ryksuniversiteit Grins Jan Brouwer.
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Kin dit faksinaasjepaspoart samar ynfierd wurde, hoe sit it bygelyks mei de wetlike basis?
Neffens Brouwer is der op Europeesk nivo in basis ynfierd dy't it foar lannen mooglik makket om útsûnderingen yn te stellen foar it frije ferkear fan minsken, bygelyks mei in faksinaasjepaspoart. "Dat is een Europese aangelegenheid, het verdrag biedt daartoe de mogelijkheid op grond van gezondheid, net zoals we nu al een dierenpaspoort hebben."
Lannen meie dus minsken wegerje oan de grins, as sy net de krekt sûnenspapieren hawwe.
- Hokker proseduere wurdt brûkt om sa'n Europeesk faksinaasjepaspoart rûn te krijen?
It ynfieren fan in faksinaasjepaspoort yn de Europeeske Uny is net samar klear, sa leit Brouwer út: "De commissie doet dan een voorstel, wat dan uiteindelijk door het Europees Parlement moet, en daarna moeten de ministers daar hun handtekening onder moeten zetten." In lang proses, mar neffens Brouwer sille der net in soad lannen wêze dy't hjirfoar lizzen gean. "Omdat je op die manier het toerisme kan redden. Met name de mediterrane landen die hebben nu al aangedrongen op zo'n paspoort."
- Mar hoe sit it dan mei eveneminten en bedriuwen, is sa'n paspoart net gewoan diskriminaasje?
In faksinaasjebewiis foar in evenemint as bedriuw is wat oars as dat dêr't de Europeeske Uny mei dwaande is. It sil dalik nei alle gedachten oan de eveneminten en bedriuwen sels wêze oft se al of net freegje nei in faksinaasjepaspoart. "Denk eraan dat als je een evenement op peil wilt houden, je misschien wel gedwongen zult worden om met dergelijke strategie te werken." It soe besikers bygelyks in feiliger gefoel jaan, en úteinlik mear minsken lûke. "Ik denk dat dit er wel aan zit te komen."
Op de fraach oft it dan net diskriminaasje is, is Brouwer dúdlik: "Je hebt de vrijheid om niet naar een festival te gaan, het is geen dwang het is alleen maar een voorwaarde die gesteld wordt."