Tennisser Arends útskeakele yn earste ronde fan ATP-toernoai yn Rotterdam

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert is der net yn slagge de kwartfinale te berikken op it World Tennis Tournament yn Rotterdam. Yn de earste ronde gie hy mei syn dûbeldmaat David Pel mei 4-6 4-6 ûnderút tsjin Jeremy Chardy en Fabrice Martin út Frankrijk.
© Orange Pictures
Arends en Pel pleatsten harren foar it haadtoernoai troch dit wykein it kwalifikaasjetoernoai te winnen.
Arends en Pel dogge takom wike tegearre mei oan it ATP-toernoai fan Marseille.